Foto: Tresoar
Bron: Tresoar, 28-06-2023
Buwalda, Sytse
Geboren: 10-02-1943 (Ljouwert)
Wurk en libben
Sytse Buwalda is skriuwer, oersetter en útjouwer fan boeken yn de Biltske taal. Al goed 40 jier skriuwt hy fiksje en non-fiksje foar folwoeksenen en bern. Yn 2019 rjochte hy de útjouwerij De Bildtse Boekerij op. Dêr bringt hy Biltsktalige boeken, toanielstikken en muzyk út.
Buwalda waard berne yn Ljouwert en groeide dêr ek op mei syn âlden fan It Bilt. Syn heit kaam út de Oasthoek en learde him it Biltsk. Syn mem wie út de Westhoek en prate Frysk mei him. Op it steedlik gymnasium yn Ljouwert learde hy Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Latyn en Gryksk. Op ‘e strjitte krige hy it Ljouwertersk mei en op lettere leeftiid die er Russysk op ‘e jûnsskoalle. “Soadoende leerde ik op ‘n kritise wize na taal te sien.”
Nei it gymnasium studearre Buwalda wis- en natuerkunde oan de Ryksuniversiteit yn Grins en waard hy dosint natuerkunde oan CSG Bogerman yn Snits.
Skriuwer en taalbefoarderer
Fan 1975 ôf publisearret Buwalda boeken. Syn earste publikaasjes hawwe foaral te krijen mei de skiednis en kultuer fan de Bilthoeke. Syn heit Hotze Buwalda wurke as taalkundige by de Fryske Akademy en sette him yn foar it fêstlizzen fan de Biltske taal. Hy joech ûnder oaren de oanset ta it Biltsk wurdboek. Sytse Buwalda is der fan oertsjûge dat syn heit de leafde foar it Biltsk oan him trochjûn hat. Yn 2023 moat der in werprintinge fan ‘t Woordeboek fan ‘t Bildts ferskine, dêr’t Sytse Buwalda de lêste hân oan lein hat. Ek sil dêr in list mei Biltsktalige flora- en faunanammen by ferksine.
Buwalda sjocht himsels net allinnich as skriuwer, mar foaral ek as taalbefoarderer en -hoeder fan de Biltske taal. Sa rjochte hy yn 1980 stichting Ons Bilt op en yn 2019 stie er oan de widze fan syn eigen útjouwerij De Bildtse Boekerij. Hy skreau tal fan boeken, toanielstikken en ferskes yn it Biltsk. De measte ferhalen betinkt er sels, mar hy lit him ek graach ynspirearje troch bekende en minder bekende mearkes en âlde folksferhalen.
Foar it Biltsk sjocht Buwalda it somber yn. “Onder ânderen deur de gemeentlike herindeling is d’r minder omdinken foor ‘t Bildts. Op papier wèl, maar in de praktyk falt dat bot ôf.” Ek hat Buwalda it gefoel dat sprekkers fan it Biltsk sleau mei har memmetaal omgean. Hy is benaud dat it oantal sprekkers fan it Biltsk binnen in generaasje tiid in flinke klap krije sil. “Ik wil d’r alles an doen om de taal fast te lêgen en deur te gaan met myn publikasys.”
Boarnen foar dit artikel
Fraachpetear Tresoar, 28-06-2023
Elisabeth Vogelzang, Leeuwarder Courant 28-10-2022
Lodewijk Born, Friesch Dagblad 28-10-2022
Jan Ybema, Friesch Dagblad 30-08-2022
Jan Ybema, Friesch Dagblad 28-09-2021
Jan Ybema, Friesch Dagblad 09-11-2021